Wurkstraf foar Droegehamster dy't helpferlieners mishannele

Plysje © ANP
In 20-jierrige ynwenner fan Droegeham hat in wurkstraf fan 60 oeren krigen foar it bedriigjen en mishanneljen fan twa ambulânsemeiwurkers. Ek krige de man in moanne sel ûnder betingst, en moat er 500 en 750 euro skeafergoeding betelje oan de slachtoffers. De man wie folslein troch it lint gien nei't de ambulânsemeiwurkers bloed by him ôfnaam hiene.
Se woene graach de bloedsûkerwearden fan de man witte. Hy hie xtc en speed brûkt en wie nei it drinken fan in glês ranja hielendal trochslein. Hy tocht nammentlik dat der GHB oan tafoege wie.
Wapen ôfpakke
De man besocht it tsjinstwapen fan in plysje-aginte ôf te pakken, en helle ien fan de ambulânsebroeders ûnderút. Ek bedrige er harren mei de dea. De rjochter naam it de man kwea ôf dat er pas op de sitting syn ekskuzen oanbea oan de helpferlieners.