Muzikale studinten toeterje, blaze en strike yn Jiskenhuzen

27 mrt 2017 - 19:48

De fjirtich meast muzikale studinten fan Nederlân fine jo op 't heden yn Jiskenhuzen. Se foarmje it Nederlands Studenten Kamerorkest dat dizze wike yn it doarp repetearret foar in rige konserten dy't fan 4 april ôf yn it hiele lân holden wurde. De akkommodaasje fan sylskoalle Neptunus is fan 'e wike it domisylje en it doarpshûs it repetysjelokaal. It orkest spilet yn de konsertrige ûnder mear de earste symfony fan Bizet.

Snein 2 april is der in try-out yn Sint-Nyk, wêrnei't it orkest ûnder lieding fan dirigint Frans-Aert Burghgraef op toernee giet lâns konsertsealen yn stêden as Grins, Leiden en Amsterdam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)