Provinsje lûkt 21.000 út foar sâlte grienten op Skylge

27 mrt 2017 - 18:06
Griente ferbouwe op sâltich wetter - Foto: Omrop Fryslân

De provinsje stipet de teelt fan sâlte griente op Skylge mei 21.000 euro subsydzje. It jild komt út it Iepen Mienskipsfûns. Troch it hieltyd heger wurdende seewetter wurdt ek de lânbougrûn hieltyd sâlter. Stichting De Zilte Smaak besiket hjirop yn te spyljen troch sâlte gewaaksen en griente te ferbouwen. Dit bart op in proeffjild fan twa hektare yn de polder by Lies. Produkten lykas skieppe-ear (lamsoor), seekoal, see-aster en kwelderkrûd (seekraal) wurde op it eilân ferwurke en iten.

De stichting hat in gearwurking mei kennis- en opliedingssintra om de kunde oer sâlte teelt fierder te ûntwikkeljen en te dielen. Dêrnjonken wurde der alderhande aktiviteiten organisearre lykas in pluktún, itensiedersworkshops en catering mei sâlte produkten. De 21.000 euro fan de provinsje komme yn in totale ynvestearring fan 52.000 euro.

Trefwurden: 
sâlte griente stipe Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)