Skûtsje De Noarderling fart wer yn it wetter fan Dokkum

It Dokkumer skûtsje 'De Noarderling' © Facebook De Noarderling
Skûtsje De Noarderling is definityf werom yn Dokkum. It skûtsje is kocht troch in spesjaal oprjochte stichting. Dy hat it gefaarte no werom brocht nei it plak dêr't it yn 1907 boud waard. De keap fan De Noarderling is finansjeel stipe troch de gemeente Dongeradiel, provinsje Fryslân, lokale bedriuwen en partikullieren. It is de bedoeling dat de ferhier fan it skûtsje de fierdere kosten dekke sil. De Noarderling sil brûkt wurde foar sylarranzjeminten en promoasje-aksjes, en sil dêrnjonken ek sa faak as mooglik iepensteld wurde foar it publyk.