UPDATE: Slachtoffers ûngelok yn Harns binne heit en soantsje

27 mrt 2017 - 20:46

By de botsing yn Harns moandei, dêr't in auto skept waard troch in trein, binne in 31-jierrige man út Harns en syn 3-jierrige soantsje omkommen. Se makken diel út fan in útstapke om lamkes te sjen by de boer. De bern komme fan de Prins Johan Frisoskoalle yn Harns. It jonkje siet op de berne-opfang dy't by de skoalle heart. Foar de bern en de âlden fan de Prins Johan Frisoskoalle is slachtofferhelp regele.

De plysje lit witte dat se nei ûndersyk gjin oare ynsittenden mear oantroffen ha yn de auto. De identiteit fan de twa slachtoffers is noch net bekend makke.

Maatregels

De auto is oan de ein fan de middei ôffierd en wurdt fierder ûndersocht. Boargemaster Sluiter hat opdracht jûn ekstra buorden te pleatsen by de oergong. "Ik heb bij ProRail aangedrongen dat deze overgang spoedig wordt aangepakt. De overweg nu sluiten is helaas geen optie omdat het de enige toegangsweg naar de boerderij is. Tot er een nieuwe route is, moeten we alles op alles stellen dat hier geen ongelukken meer plaatsvinden." It treinferkear is noch net op gong.

Trefwurden: 
Harns ûngelok spoaroergong
(advertinsje)
(advertinsje)