Nije skipslift Lauwerseach populêr by fiskers en offshore

27 mrt 2017 - 16:37

De nije skipslift yn Lauwerseach is in skot yn de roas. De lift is fjirtich meter heech en dêrmei de grutste yn hiel Noard-Europa. De lift is dêrom tige populêr by fiskers en eksploitanten fan wynmûneparken op see. It enoarme apparaat, dat goed 240 ton tille kin, wurdt in stik mear brûkt as earst tocht. Ta grutte blydskip fan eigener Albert Keizer fan Next Generation Shiplift. Earder waarden skippen foar reparaasje en ûnderhâld nei in driuwend dok yn Lauwerseach brocht. Mar it is makliker en goedkeaper om se út it wetter te tillen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)