Tolve jier easke foar haadfertochte yn wytwasksaak Arville

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin de 50-jierrige haadfertochte út Ljouwert is 12 jier selstraf easke yn de saak Arville. Hy wurdt beskuldige fan it wytwaskjen fan jild, hannel yn drugs en wapenbesit. Tsjin syn 54-jierrige frou is 4 jier selstraf easke foar meiplichtichheid. Yn maaie 2014 binne se oanholden en binne miljoenen euro's yn beslach nommen. Der is noch in tredde fertochte, in 37-jierrige man út Ljouwert. Hy stiet woansdei foar de rjochter. Dy saak is mei ekstra feilichheidsmaatregels achter sletten doarren yn Amsterdam.
De saak Arville is it grutste ôfpakresultaat yn in wytwasksaak yn Noard-Nederlân oant no ta. By plysje-ynfallen yn trije plakken (Ljouwert, Assen en Gasteren) is yn maaie 2014 in bedrach fan 4,4 miljoen euro cash yn beslach nommen. Fierders is beslach lein op in wenning, in loads, auto's en lúkse guod as klean en juwielen. By de bestriding fan de wytwask-kriminaliteit is it it doel fan plysje en justysje om safolle mooglik besittingen fan kriminelen ôf te pakken.