Sel foar fraudearjende âld-meiwurker fan CJIB

CJIB © ANP
In âld-meiwurker fan it Centraal Justitieel Incassobureau yn Ljouwert hat twa wike sel ûnder betingst krigen foar fraude. De man hie in formulier fan it CJIB bewurke, sadat it like dat in boete dy't er krigen hie foar ûnfersekere riden ferneatige wêze soe. De man seit sels dat er it yn in 'vlaag van verstandsverbijstering' dien hat. De ferfalsking hie grutte gefolgen: de man rekke syn baan kwyt en hy sit no yn de bystân. Omdat er gjin ferklearring fan goed gedrach krije kin, komt er net mear oan it wurk.