Ynstânsjes by inoar oer wenningbrân yn Sweelinckstrjitte

De brânwacht hie it fjoer nei in oere ûnder kontrôle © Kappers Media
Plysje, GGZ, gemeente, it wykteam en wenningkorporaasje Elkien ha moandei oerlis hân oer de brân oan de Sweelinckstrjitte yn Ljouwert. By de brân rekke de bewenner ferwûne en moasten sân omlizzende huzen ûntromme wurde yn ferbân mei reek en wetterskea. De oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersocht, mar by Elkien binne earder meldingen binnen kaam oer oerlêst troch de bewenner. Dizze meldingen binne trochjûn oan it wykteam en der hat oerlis mei him west. Omwenners sizze dat de man yn 'e war wie.
De wenning fan de man en it hûs dêrûnder binne op dit stuit net bewenber. De bewenners fan de oare wenningen binne wer thús.