Ynfal by Harnzer skulpwinbedriuw fanwege fraude

© ANP
De Inspectie Leefomgeving en Tranpsort en Rykswettersteat hawwe moandei in ynfal dien by twa lokaasjes fan in skulpwinbedriuw yn Harns. De eigener fan it bedriuw wurdt fertocht fan fraude. De man soe skulpen wûn ha yn de Waadsee, sûnder dat hy derfoar in fergunning hie. De man joech oan dat hy de skulpen út de Noardsee helle en dat hy in fergunning hie. Hy soe der hûnderttûzenen euro's mei fertsjinne ha. De fraude wie fan 2011 oant en mei 2013. De administraasje fan it bedriuw is yn beslach naam.