Problemen De Koornbeurs ferdiele fraksjes Frjentsjerteradiel

27 mrt 2017 - 14:01

Politike partijen yn Frjentsjerteradiel reagearje ferskillend op de finansjele problemen fan teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer. Dat ferwachtet ek dit seizoen wer mei ferlies te draaien.

Neffens de FNP moat de gemeente de subsydzje fan 350.000 euro struktureel ferhege wurde, sadat de problemen foar iens en altiten oer binne. Want no komt it teäter hieltiten wer negatyf yn it nijs.

It CDA yn Frjentsjerteradiel wol safier net gean. Dy fynt dat de gemeenteried fan de nije gemeente Waadhoeke der oer beslute moat. Dêr giet Frjentsjerteradiel takom jier yn op. Earder seine oare fraksjes al dat se net mear jild oan De Koornbeurs jaan wolle as dat it teater no al krijt.

Trefwurden: 
De Koornbeurs Frjentsjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)