Personielstekoart driget yn hendikeptesoarch

Yn de hendikeptesoarch driget in tekoart oan personiel. Benammen foar de komplekse soarch is it hieltyd dreger om geskikte meiwurkers te finen. Wurkjouwersorganisaasje ZorgpleinNoord, dêr't ek Talant by belutsen is, komt dêrom mei in kampanje om mear minsken te ynteressearjen foar dit wurk. Neffens direkteur Bothilde Buma fan Talant slagget it noch wol om de roasters rûn te krijen, "mar it begjint wol te knipen".
De soarch is de lêste jierren komplekser wurden, mar de soarchorganisaasjes biede har personiel in skala oan opliedingen oan om dêr oan te mjitte te kommen. Mei in kampanje en de nije website www.bijzonderwerk.nl hopet ZorgpleinNoord op in positiver imago en mear oanmeldingen foar wurk yn dizze sektor.