Skylger post folslein útstjitfrij besoarge

Skylge is it earste eilân dêr't besoargers 100 prosint útstjitfrij besoargje. De elektryske bestelauto komt tiisdei oan op it eilân. Dêrmei wurde alle postweinen op Skylge ferfongen.
PostNL ferfangt ien foar ien op alle fiif Waadeilannen de diselauto's foar elektryske auto’s, scooters en fytsen. Post en pakketten wurde dêrmei inkeld elektrysk, op de fyts of te gean besoarge. It is in folgjende stap fan PostNL om it wurk duorsumer te meitsjen. Flylân, Skiermûntseach, It Amelân en Teksel folgje yn de kommende moannen.