FNP de boer op foar ynbring foar ferkiezingsprogram

27 mrt 2017 - 12:51

De FNP freget doarps- en wykpanels yn Ljouwert, Littenseradiel en Ljouwerteradiel om ynbring foar it ferkiezingsprogram 2018-2022. De partij organisearret trije jûnen foar de organisaasjes en komt sels ek by de doarps- en wykbelangen del. De ynbring wurdt ferwurke yn it úteinlike ferkiezingsprogram fan de FNP-Ljouwert.

De FNP wol graach hearre watfoar winsken oft op lokaal nivo binne foar de kommende fjouwer jier en giet dêrom aktyf ‘de boer op’.

De byienkomsten binne 4 april (Hilaard), 11 april (Reduzum) en 19 april (Ljouwert).

(Advertinsje)
(Advertinsje)