'Nieuwe Competitie' NFF iepen foar ynstjoeringen

27 mrt 2017 - 12:41
Winners fan de Nieuwe Competitie op it NFF 2016 - Foto: Lucas Kemper

Filmmakkers meie fan moandei ôf wer meidwaan oan de Nieuwe Competitie fan it Noordelijk Film Festival. Oant 16 maaie kinne se in filmplan en in skript yntsjinje foar in koarte film. It prizejild foar it bêste plan is 10.000 euro. Dêrmei kin de filmmakker oan de slach om de film te produsearjen. Dy wurdt dan presintearre op de folgjende edysje fan it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert. Dy is dit jier fan 8 oant en mei 12 novimber.

Mei de 'Nieuwe Competitie' biedt it Noordelijk Film Festival in poadium oan nij talint. De ynstjoeringen meie koarte spylfilms of dokumintêres wêze, mar ek keunst, animaasjes of muzykfideos. It prizejild is beskikber steld troch de provinsje Fryslân.

Ferline jier wie de winner fan de Nieuwe Competitie Froukje van Wengerden en Julia Schellekens, mei harren koarte dokumintêre 'Ik was pas 14'. Dizze film is selektearre foar ferskate filmfestivals en sil ynkoarten te sjen wêze op in ynternasjonaal dokumintêrefestival yn Kanada.

Trefwurden: 
Noordelijk Film Festival
(Advertinsje)
(Advertinsje)