F-16's rinne fertraging op troch mist

27 mrt 2017 - 12:12
Foto: Kappers Media

De mist soarge moandeitemoarn foar lytse fertraging foar de F16's dy't meidogge oan Frisian Flag. Troch it dampige waar moasten de fleantugen langer wachtsje as normaal foardat se ôfsette koenen fan de fleanbasis yn Ljouwert.

Op de fleanbasis is de kommende twa wiken de grutte ynternasjonale oefening Frisian Flag. Twa kear deis geane sa'n 50 strieljagers de loft yn om te oefenjen boppe de Noardsee.

(Advertinsje)
(Advertinsje)