Fryske jeugd komt earder oan wurk

UWV © ANP
De jeugdwurkleazens yn Fryslân is nei sa'n tsien prosint sakke. Troch de krisis sûnt 2008 wie dy bot tanaam nei sa'n 14 prosint. De ôfname komt troch de ekonomyske groei. Wêr't de Fryske sifers lange tiid boppe it lanlike gemiddelde út kamen, nimt de wurkleazens ûnder jongerein no ek hurder ôf yn ferliking mei lanlike sifers. Dat docht neffens it Fries Sociaal Planbureau bliken út sifers fan it CBS en it UWV.
Neffens it planburo hellet de arbeidsmerk yn Fryslân de rest fan Nederlân aardich yn. It sterkst is de taname fan banen yn de bou en technyk. Ut de sifers docht ek bliken dat minsken ûnder de 27 jier dy't wurk sykje yn Fryslân faak út it middelber ûnderwiis komme.