Kollum: "Too good to be sexy"

27 mrt 2017 - 08:28

"Kuorbal moat seksyer wurde. Dat fynt alteast it Keninklike Nederlânske Kuorbal Ferbûn, de KNKV. Kuorbal hat nammentlik in imagoprobleem, sa stelt de KNKV. It wurdt sjoen as in sport foar mietjes. En dêrom start der yn april in kampanje om kuorbal seksyer te meitsjen. Mei as úteinlike doel om yn 2028 in Olympyske sport te wurden.

No ha ik myn hiele libben kuorballe en ik kin dy ien ding fertelle, it is echt net in sport foar mietjes. En toch kleeft dat imago yndied oan ús. Ofrûne wike noch fertelde ik op myn wurk dat ik jierrenlang kuorballe ha en fuort waard der mei in ferbjustere blik nei my sjoen of hie’k krekt opbychte dat ik al jierren oan profesjoneel punniken doch. Kuorbal is in fiis wurd wurden.

En krekt dêrom moat de sport wurkje oan in seksyer imago. En dus ropt de KNKV al har leden op om tusken 3 en 16 april ideeën yn te leverjen dy't kuorbal hipper meitsje moatte. Ek ik ha ek ris efkes neitocht oer tips. Dêrfoar ha'k in lyts ‘vergelijkend waren’-ûndersykje dien nei de top fiif fan de meast seksy sporten neffens Nederlanners.

Op nûmer 5 fine we silen, dêr't foaral ek ús eigen Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma goed skoare. Op nûmer 4 stiet atletyk, dêr’t Dafne Schippers fansels it seksy úthingboerd fan is. Swimmen fine we op plakje 3, mei krekt dêr boppe tennis, dêr’t foaral Maria Sharapova faak neamd wurdt. En mei stip op nûmer 1: beachfollybal. Sawol manlju as froulju fine dit de meast seksy sport.

Sjoch efkes nei dizze top 5 en der falle trije saken op. Alderearst de klean. Of better sein: gjin klean. Hoe minimer de outfit, hoe populêrder de sport. Dus kuorbalfroulju moatte tenei mar spylje yn fan dy koarte naveltruitsjes en heech opkrûpende broekjes. En de manlju yn speedo’s en bleate torso.

As twadde falt op dat it hast allegearre yndividuele sporten binne. Blykber binne teamsporten minder seksy. Dat wurdt by kuorbal lestich. Mar it alderbelangryskte oan dizze top 5 fan de meast seksy sporten is dat it konkurrearjende sporten binne. Mei oare wurden: der binne ferskate lannen dêr’t sporters útblinke yn dizze disipline.

Want litte we earlik wêze: dát is it grutste imagoprobleem fan kuorbal. Allinnich yn Nederlân binne wy der écht goed yn. No ja, en yn België dan, in hiel lyts bytsje.

Fan de tsien wrâldkampioenskippen kuorbal dy't holden waarden, gongen alle finales tussen Nederlân en België. Oranje wûn mar leafst njoggen kear. Dus echt spannend is sa’n WK net. Dat is ek de reden dat kuorbal gjin Olympyske sport is. Eask fan it Olympysk Komitee is nammentlik datst fan tefoaren net al ien lân al as dé favoryt oanwize kinst, mar dat der meardere lannen binne dy't goud winne kinne. En dat is by kuorbal simpelwei net it gefal.

Mei oare wurden: wy kuorballers binne gewoan té goed. Wy moatte net seksyer wurde, mar slechter. Myn belangrykste tip oan kuorbalbûn KNKV is dan ek om by de kollega’s fan fuotbalbûn KNVB advys yn te winnen. Gewoan ris freegje: “Hé, hoe ha jim dat de ôfrûne jierren dien jong, dat ús Nederlânsk alvetal no sa dramatysk spilet? Hoe dogge jim dat, ferlieze fan Bulgarije, de nûmer 71 fan de ranglist? Dat wolle wy nammentlik ék!”

It soe foar beide sporten it alderbêste soe wêze as Danny Blind de oerstap makket fan fuotbal nei kuorbal. Mei in bline bûnscoach wurdt ús kâns op de Olympyske Spelen fan 2028 yn elk gefal in stik grutter."

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nochter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)