Plysje pakt fytsedieven yn Bûtenpost

De plysje yn Bûtenpost hat yn de nacht fan snein op moandei twa manlju út Easterwâlde en Grootegast oanhâlden foar it stellen en helen fan fytsen. Plysjes seagen it duo by it treinstasjon, dêr't se krekt twa fytsen yn in buske laden hiene. De manlju koene gjin ferklearring jaan wat de fytsen, dy't noch op slot stiene, yn it buske diene.
Se binne meinaam nei it plysjeburo en sitte fêst foar fierder ûndersyk. De plysje ropt de eigeners fan de stellen fytsen op om harren te melden.