Motorrider swierferwûne yn Aldehaske

26 mrt 2017 - 16:56

In motorrider is sneintemiddei swierferwûne rekke yn Aldehaske. Op de Dútslândreef foel de persoan mei de motor. It mobyl medsyske team wie mei de traunmahelikopter op it plak fan it ûngelok om help te ferlienen.

Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch net bekend. De bestjoerder lei net by syn motor, mar tsientallen meters fierderop, dêr't er troch de helptsjinsten behannele waard. De motorrider is nei behanneling op it plak fan it ûngelok nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
motorrider Aldehaske ûngelok
(advertinsje)