"Feehâlderij moat net fierder groeie fanwege fynstofskea"

Der moat in ein komme oan de útwreiding fan pikebedriuwen en oare feehâlderijen dy't fynstof ferspriede. Dat seit Gerben Lenstra, ynwenner fan De Harkema. Lenstra ferwiist nei konklúzjes út ûndersyk fan it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu, it RIVM, en de Universiteit Utrecht. Dêrút docht bliken dat de útstjit fan dit soarte bedriuwen by omwenners yn in straal fan in kilometer skea oanrjochtet oan de luchtwegen.
Ek Lenstra en syn frou hawwe lêst fan de longen troch de pikebedriuwen yn de omkriten fan harren hûs. Oant no ta wurdt der troch gemeentebestjoeren, dy't oer de fergunningen foar útwreiding geane, net genôch rekken hâlden mei de negative effekten fan dizze bedriuwen, fynt Lenstra.
Lenstra is net de iennige dy't him drok makket oer it fynstofprobleem. Ek lanlik is der de lêste moannen hieltyd mear oandacht foar.