Utslaande brân yn Ljouwert, ien ferwûne, acht huzen ûntromme

26 mrt 2017 - 07:41

By in grutte útslaande brân yn Ljouwert is sneontenacht in persoan ferwûne rekke. Om ien oere hinne waarden de helptsjinsten oproppen foar de brân yn in wenhûs oan de Sweelinckstrjitte. Al gau waard opskaald nei grutte brân en sân omlizzende huzen moasten ûntromme wurde yn ferbân mei reek en wetterskea.

De brânwacht hie it fjoer om twa oere hinne ûnder kontrôle. De bewenner fan it hûs dêr't de brân ûntstie is fanwegen it ynazemjen fan reek mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Syn hûs is ûnbewenber ferklearre troch de brânwacht.

De bewenners fan fiif fan de acht ûntromme huzen mochten úteinlik werom yn harren hûs. De oaren wurde op in tydlik adres opfongen.

It is noch ûndúdlik hoe't de brân ûntstien is, dêr wurdt ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
brân Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)