Follybal: VC Snits ferliest fan koprinner Sliedrecht Sport

25 mrt 2017 - 22:47
De Snitser froulju - Foto: AWfoto

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe sneontejûn de wedstriid yn de kampioenspûl ferlern fan koprinner Sliedrecht Sport. It waard 3-2. Yn de earste set hie Snits net folle kâns en wûn Sliedrecht. Mar de Snitsers kamen goed werom en wûnen de twadde en de tredde set. Snits hâldt dus in punt oer oan de besite fan de koprinner yn de kampioenspûl. Dêrnei gie it minder mei de Snitser froulju. Se ferlearen de fjirde en de fyfde set. De setstannen: 25-19, 23-25, 26-28, 25-22, 15-8.

Konkurrint Set-Up '65 komt snein yn aksje. Dan wurdt mear dúdlik oer de ranglist.

Trefwurden: 
VC Snits follybal
(Advertinsje)
(Advertinsje)