Spannende einfaze, mar dochs ferlies foar Aris

25 mrt 2017 - 22:09
Aris - Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris ha sneontejûn ferlern fan Rotterdam. Yn it Kealledykje waard it 87-84 foar de Rotterdammers. Aris kaam net goed út de startblokken. De Ljouwerters sluten it earste kwart ôf mei in achterstân. By de rêst stie Aris noch fierder achter en yn it tredde kwart stie it 65-57 foar Rotterdam.

Yn de spannende einfaze kaam Aris by (74-74), mar al frij gau rûn Rotterdam dochs wer út (78-74). Wer kamen de Ljouwerters op likense hichte (84-84), mar se ferlearen úteinlik mei 87-84 troch in fiere trijepunter fan Rotterdam.

Omdat Aris de wedstiid ferlern hat, komme se ek net in stap tichterby de play-offs.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)