Postdoweferiening op 'e Harkema hat nij klupgebou

25 mrt 2017 - 21:52
Wethâlder Antuma by de iepening fan it nije klupgebou postdoweferiening op 'e Harkema - Foto: Atze van der Ploeg

Nei jierren fan omswalkingen hat postdoweferiening De Adelaar op 'e Harkema no dochs in fêst klupgebou krige. Wethâlder Klaas Antuma fan de gemeente Achtkarspelen iepene it sneon. It ûnderkommen sit flakby sporthal De Fûgelkamp.

De Adelaar bestiet sûnt 1932. De lêste fiif jier sieten se yn it eardere gymnastyklokaal oan de Nijkamp. Dêrfoar sieten se yn gebou dat fuort moast foar it sintrumplan-De Harkema. Der kamen apparteminten en in nije supermerk en dêrom moast De Adelaar wike.

(Advertinsje)
(Advertinsje)