Oerterp bêste by feardichheidstraining brânwacht

25 mrt 2017 - 20:50

De brânwacht fan Oerterp hat sneon yn Wommels in brânwachtoefening yn de foarm fan in soart wedstriid wûn. Mei-inoar njoggen korpsen diene mei oan de training: Oerterp, Frjentsjer, Sint-Anne, Warkum, Jobbegea, Tsjalbert, Nijhoarne, en de Grinslanner brânwachtkorpsen fan Haren en Gruttegast.

De oefening wie yn en by swimbad De Klomp. Dêr wie mei reekpotten brân simulearre. Der wie ek in ûngelok yn sêne set. In persoan dy't fêstsiet ûnder in poadium moast befrijd wurde. Dêrby die ek de UMCG Ambulânsesoarch mei.

De feardichheidswedstriden fan it Algemeen Brandweer Wedstrijd Comité (ABWC) wiene sneon ek noch op acht oare plakken yn Nederlân. Sokke trainings binne wichtich foar de brânwacht, en dêrom wurde se geregeld hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)