Autokaaien stellen by ynbraak, auto ek fuort

25 mrt 2017 - 20:16

In bewenner fan de Houtleane yn Drachten mist syn auto nei in ynbraak yn de wente. De dief of dieven makken in rút stikken om deryn te komme. De autokaaien binne ferdwûn en de auto sels ek. It giet om in swarte Renault Megane, mei kenteken 29-LZ-HL De bewenner mist fierders ek noch in fyts en in soad ark.

De ynbraak moat west hawwe tusken tongersdeitejûn healwei njoggenen en freedtenacht tolve oere. Minsken dy't der mear fan witte, kinne belje mei de plysje.

Trefwurden: 
auto ynbraak Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)