Harkemase Boys nimt puntsje mei út Katwyk

25 mrt 2017 - 17:24

Harkemase Boys hat sneon út lykspile tsjin Quick Boys út Katwyk. De Friezen begûnen flitsend. Alle oanfallen fan Harkemase Boys wiene gefaarlik, mar doelpunten bleaunen earst út. Heine Uuldriks miste oant twa kear ta in prachtige kâns. Ien kear kopte er op de peal en letter skeat er op de latte. By rêst wie it 0-0.

Yn de 55e minút wist Uuldriks dan dochs te skoaren en waard it 0-1. Quick Boys waard hieltyd gefaarliker en sa waard it yn de 75e minút 1-1. Quick Boys krige sels mear kânsen, mar ek de Boys giene foar de winst.

Mar de measte kânsen krige de thúsploech, dy't gelokkich foar de Friezen net wist te skoaren. De einstân bleau dan ek stean op 1-1. Dêrmei nimme de Harkemase Boys dochs noch wol in moai puntsje mei nei hûs.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)