ONS wint thús mei 5-1 fan Rijnvogels út Katwyk

25 mrt 2017 - 17:10

ONS hat sneon thús dik wûn fan FC Rijnvogels út Katwyk. Fan it begjin ôf krigen de Snitsers tal fan kânsen. Yn de 23e minút sette Martijn Roosenburg mei in hurd skot de 1-0 op it skoareboerd. ONS bleau de meast driigjende ploech.

Ek nei rêst gie ONS foar de oanfal. Dat smiet yn de 65e minút in doelpunt op. Yume Ramos skeat in djippe bal fan Gustavo van der Veen yn de koarte hoeke en dêrmei waard it 2-0. En ONS gie troch. Yn de 71e minút waard it 3-0. Yume Ramos joech in prachtige foarset op Renco van Eeken dy't skoarde.

De Snitsers wiene no pas goed los. Yn de 77e minút makke Yume Ramos de 4-0. Yn de 81e minút krige Yume Ramos in publykswiksel, sadat foar him applaudisearre wurde koe. Patrick Amels kaam deryn. De ynfaller wit yn de 85e minút sels noch de 5-0 te meitsjen. Yn de 88e minút wit Rijnvogels dan dochs noch de eare te rêden. Einstân: 5-1.

Trefwurden: 
ONS fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)