Kuierpaad Bitgummole neamd nei skriuwster Auck Peanstra

25 mrt 2017 - 20:55
Untbleating boerd Auck Peanstrapaad - Foto: Pleatslik Belang Bitgummole

De ferline jier ferstoarne skriuwster Auck Peanstra hat yn Bitgummole in kuierpaad nei har ferneamd krigen. It buordsje mei har namme waard ôfrûne wike presintearre op de jierfergadering fan Pleatslik Belang. It giet om it paad troch it park yn Bitgummole-Noard.

Peanstra brocht in lange rige boeken út, benammen foar bern. Se wie ek ien fan de minsken achter it Tomkeprojekt. Yn 2015 wûn Peanstra, dy't eins Aukje Hoogland-Peenstra hiet, de Rely Jorritsmapriis mei har gedicht 'Wûnderdokter', dat oer har siikwêzen gie. Se is 61 jier wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)