Bestjoerder meldt him by plysje nei oanriding militêr

25 mrt 2017 - 16:10
De man waard fan achteren oanriden troch in auto en rekke dêrby yn koma - Foto: Postema Media

De bestjoerder dy't freedtejûn yn Makkum in Britse militêr oanriden hat, hat himsels melden op it plysjeburo fan Snits. De man is oanholden en wurdt heard as fertochte, sa meldt de plysje. Syn auto is yn beslach naam. De plysje praat ek mei tsjûgen.

It 33-jierrige slachtoffer waard freedtejûn fan achteren oanriden op de Warkumerdyk yn Makkum. Hy rekke swierferwûne en leit yn koma yn it sikehûs yn Grins. De militêr wie fanwege de ynternasjonale oefening Frisian Flag op de fleanbasis Ljouwert, yn Makkum. Hy hie mei in kollega op stap west. 

Trefwurden: 
ûngelok Brit militêr Makkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)