Spesjale stambeamtafel ûntbleate yn Easterbierrum

25 mrt 2017 - 13:57

Yn it sintrum fan Easterbierrum is sneon in stambeamtafel ûntbleate. It giet net om in tafel mei in stambeam fan in famylje, mar om in tafel  dêr't alle nammen fan de bewenners yn stean. It ûntwerp fan de tafel is fan arsjitekte Nynke Rixt Jukema. De tafel is bedoeld as kadootsje foar it doarp, as kompensaasje foar de oerlêst troch de sâltwinning.

Yn de stambeamtafel stean ek in soad bûtenlanske nammen, want yn Easterbierrum wenje in protte bûtenlanners dy't wurkje yn de omkriten. Bygelyks yn de glêstúnbou en de lânbou. Jukema hopet dat de tafel minsken mei-elkoar yn kontakt bringe sil.

(advertinsje)