Koudumer (33) oanhâlden foar ferskate autoynbraken

25 mrt 2017 - 11:01
Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat sneontemoarn in 33-jierrige man út Koudum oanhâlden dy't derfan fertocht wurdt dat er de lêste tiid yn meardere auto's ynbrutsen hat. De man naaide út doe't er de plysjes seach en ferstoppe him yn in tún oan de Wijde Gasthuissteech. De aginten wisten him dochs oan te hâlden.

Yn de fytstassen fan de man fûn de plysje ynbrekkersark. Ofrûne nacht is yn twa auto's ynbrutsen, mar de plysje tinkt dat de man ferantwurdlik is foar meardere ynbraken yn auto's, de lêste wiken. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)