Bestjoerder botst tsjin beam op De Jouwer

25 mrt 2017 - 10:27
Foto: De Vries Media

Op De Jouwer is sneontemoarn in bestjoerder ferwûne rekke, nei't de man tsjin in beam botst wie. It ûngelok wie op de krusing fan It Helmhout en de Haskerfjildwei. De bestjoerder waard nei alle gedachten net goed en ried rjochttroch. Yn de berm botste er tsjin in beam.

It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. De strjitte waard ôfsletten foar ûndersyk troch de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)