Trije ynbrekkers oanhâlden nei ynbraak yn Heech

25 mrt 2017 - 10:00
Foto: ANP

De plysje hat freedtenacht trije ynbrekkers oanhâlden, dy't krekt derfoar ynbrutsen hienen by in bedriuw oan It Bûtlân yn Heech. De ynbrekkers naaiden út, mar de eigener fan it bedriuw koe it kenteken opskriuwe. Koart dêrei waarden de ynbrekkers by Lelystêd oanhâlden.

Yn de auto waard in oplader fan it bedriuw yn Heech fûn. It trio, in 27-jierrige man út Nieuwegein, in 33-jierrige man út Geldrop en in frou fan 26 jier út Bladel, sit fêst foar fierder ûndersyk. Se wurde ek befrege oer in ynbraak in pear dagen lyn, yn itselde bedriuw.

(Advertinsje)
(Advertinsje)