Aksje tsjin drugsoerlêst yn Drachten, seis minsken oppakt

25 mrt 2017 - 09:37
Drugs - Foto: Omrop Fryslân

By in aksje tsjin drugsoerlêst op it Schuttersveld yn Drachten hat de plysje freedtejûn seis fertochten oanhâlden. Twa fan har binne fêstset foar fierder ûndersyk, nei alle gedachten is ien fan har de dealer. De plysje krige de lêste tiid meardere meldingen dat der fan in wenning oan it Schuttersveld út yn drugs hannele waard. Dat soarge foar oerlêst.

Freedtejûn seach de plysje dat fiif minsken in besite brochten oan de wenning. De plysje hat se ien foar ien oanhâlden. Fjouwer fan har mochten nei ferhoar op it buro wer nei hûs. In 47-jierrige man út Grins is fêstset. Hy hie fyftich gram kokaïne by him. Ek de 50-jierrige bewenner is oppakt. Hy wurdt fertocht fan hannel yn harddrugs en sit ek fêst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)