Akwadukt by de N31 yn Harns driuwt

25 mrt 2017 - 08:31
Oanlis fan it nije akwadukt yn de N31 by Harns - Foto: www.n31harlingen.nl

It akwadukt fan de N31 dat yn it Van Harinxmakanaal yn Harns komt te lizzen, driuwt. It akwadukt leit no noch op in saneamd foarbouplak, mar wurdt kommende freed nei syn definitive plak yn it kanaal fearn. De kommende dagen wurdt der dei en nacht trochwurke om alles ta te rieden.

Sa wurde de daamwanden oan de noardkant fan it kanaal fuort helle en wurdt der in konstruksje oanlein wêrlâns it akwadukt op it plak glidet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)