Fúzje foar PvdA Kollumerlân, Ferwerderadiel en Dongeradiel

24 mrt 2017 - 22:43
Foto: ANP

De ôfdieling fan de PvdA yn Kollumerlân giet mei yngong fan 1 july op yn in fúzje mei de ôfdielings fan Ferwerderadiel en Dongeradiel. Se dogge dit as tarieding op de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Der komme per ôfdieling twa leden yn it ynterim-bestjoer.

Yn de ledegearkomste wie noch wol diskusje oer in mooglik bredere basis foar linkse gearwurking, lykas no ek it gefal is yn Littenseardiel en Waadhoeke. Dy diskusje moat in ferfolch krije yn de nije ôfdieling Noardeast-Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)