UNIS Flyers wint ek BeNe League: 4-1 tsjin Hijs Den Haag

24 mrt 2017 - 22:42

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe freedtejûn yn Den Haag de winst yn de BeNe League feilichsteld troch mei 4-1 te winnen fan Hijs Den Haag. De einstân yn de beste-fan-fiif searje komt dêrmei op 3-1 foar de Friezen. Hjirmei hawwe de Unis Flyers dit seizoen hast alles wûn wat er te winnen falt: de lânstitel, de beker en no dus ek de BeNe League. De ploech fan trainer/coach Mike Nason ferlear allinnich de Super Cup oan de begjin fan it seizoen fan Geleen.

De Flyers begongen skerp en fel yn Den Haag, mar it duorre oant de 19e minút foardat der in goal foel. Adam Bezak bruts út en omspile de keeper. Fjouwer tellen foar de ein fan de earste perioade dielden de Feansters in gefoelige tik út mei de 2-0 troch in powerplay-goal fan Kevin Nijland. Yn de twadde perioade skoarde Tony Demelinne wer út in man-mear situaasje: 3-0. Nei in lyts healoere docht Hijs Hokij wat werom en wurdt it 3-1, mar twa minuten letter komt de genadeklap nei in goal fan Marco Postma op oanjaan fan Bezak. Dat wie ek de stân nei de twadde perioade. Yn de tredde perioade waard der net mear skoard.

(advertinsje)
(advertinsje)