Noch hieltyd soargen foar teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer

Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer ferwachtet ek dit seizoen ferlies te draaien. Se dogge dêrom in driuwend berop op de gemeente foar mear subsydzje. Al tweintich jier hat it teäter it dreech. It like de lêste twa jier better te gean. Sa hat it de ynrjochting fernijd en organisearje se in soad ekstra aktiviteiten om mear besikers te krijen. Dêrtroch kaam der yn it seizoen 2015-2016 20 prosint mear besikers, mar sels dat is noch net genôch om alles betelje te kinnen.
Takom moanne sil de gemeente Frjentsjerteradiel prate oer de situaasje fan De Koornbeurs. Direkteur Lineke Kortekaas makket har bot soargen. "Als de gemeente niet meer kan ondersteunen dan nu, dan moet je concluderen dat het niet uit kan. Dat er in Franeker niet genoeg geld is voor een theater."