Froulju SC Hearrenfean ferlieze kansleas fan Achilles '29

24 mrt 2017 - 22:20
Foto: Martin de Jong

De froulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn kansleas ferlern yn de útwedstriid tsjin Achilles '29. Yn de 17e minút kaam de ploech út Groesbeek al op 1-0 foarsprong en de earste helte waard ôfsletten mei 2-0. Ek nei rêst hie Hearrenfean neat yn te bringen. Fia doelpunten fan Bross, Cobussen en Hopmans waard it úteinlik 5-0 foar de thúsploech.

Nettsjinsteande it ferlies stiet SC Hearrenfean yn it klassemint mei in sechsde plak noch wol ien plakje boppe Achilles '29.

(Advertinsje)
(Advertinsje)