Taksy Waaksma rekket WMO- en learlingeferfier kwyt

24 mrt 2017 - 21:21

Taksy Waaksma út Koatstertille is by in Europeeske oanbesteging it doelgroepeferfier yn Noardeast-Fryslân kwyt rekke. It giet om wmo- en learlingeferfier yn de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel. Foar Waaksma betsjut dit dat it bedriuw de helte fan de omset fan 6 miljoen euro kwyt rekket. By Waaksma wurkje no 248 minsken. De kâns bestiet dat 80 oant 120 dêrfan harren baan kwytreitsje of oernommen wurde troch de nije kontraktanten.

De oanbesteging is wûn troch VMNN út Assen, Taxi- en Bergingsbedrijf Dorenbos út Assen, Taxicentrale Witteveen fan De Lemmer en Touringcarcentrale Noord Oost Friesland. As der gjin beswieren komme, giet it kontrakt mei harren yn op 4 april. It is tsjintwurdich ferplichte dat de winners fan de oanbesteging it personiel fan de ferliezers oernimt. Faaks giet dat net goed en krije se in folle minder goed kontrakt.

Njonken Waaksma binne der noch trije ferliezers dy't meidienen oan de oanbesteging: Taxi Postma út Damwâld, Taxi de Jong út Ie en Taxi Nuis út Leek yn Grinslân. Postma en De Jong reitsje ek ferfier kwyt, al is dat minder as by Waaksma. Nuis siet noch net yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)