FIDEO: De Haan wie 'echt kapot' nei tiid by SC Hearrenfean

Foppe de Haan wie hielendal stikken en kapot nei syn heale seizoen by SC Hearrenfean ferline jier. Dochs hat er der gjin spyt fan dat er healweis it stokje oernaam fan Dwight Lodeweges. Dat sei hy freedtejûn yn Fryslân Hjoed. "It koste in ferskriklik soad enerzjy en dêr haw ik nei it seizoen ek noch wol in skoft lêst fan hân", sa sei De Haan. Wol fynt er dat er dingen oars dwaan moatten hie: "Ik hie der spilers fan de 'gevestigde orde' út sette moatten".
Dat er dat net dien hat, hie te krijen mei it feit dat it alderbelangrykste wie dat de rêst weromkaam.