Jildsaken regelje fia ynternet by gemeente Súdwest-Fryslân

24 mrt 2017 - 20:42
Foto: Omrop Fryslân

Ynwenners fan de gemeente Súdwest-Fryslân kinne tenei harren jildsaken fia ynternet planne. De gemeente hat him dêrfoar oansletten by Startpunt Geldzaken, dat útgiet fan it Nibud en Vereniging Eigen Huis. Minsken kinne op ynternet fergees en anonym stap foar stap in jildplan ynfolje. Dat kin harren helpe om de jildsaken op oarder te krijen en te hâlden.

"Uit cijfers van het ministerie van Sociale Zaken en Werkgelegenheid blijkt dat 20% van de huishoudens in Nederland te maken heeft met problematische schulden of grote kans heeft deze te krijgen. Volgens het Nibud kampt 40% van de huishoudens met betalingsachterstanden. Met Startpunt Geldzaken geven we inwoners de mogelijkheid om meer zicht te krijgen op hun financiële situatie. We willen hierdoor voorkomen dat er geldproblemen ontstaan', sa seit wethâlder Stella van Gent.

Ynwenners kinne in jildplan meitsje dat by de eigen situaasje oanslút. Der binne trije soarten plannen. Foar gesinnen dy't elke moanne jild tekoart komme, is der it plan 'Kom uit de geldzorgen'. Gesinnen dy't de iene moanne jild oerhâlde, mar de oare moanne tekoart komme, is der it plan 'Beter rondkomen'. En foar gesinnen dy't elke moanne jild oerhâlde is der it jildplan 'Sparen, aflossen of beleggen?'

(Advertinsje)
(Advertinsje)