Rêdingsboat fan Hylpen yn aksje foar siler yn need

24 mrt 2017 - 20:17
Foto: Twitter, @Rocco1994

De rêdingsboat fan Hylpen moast freedtemiddei yn aksje komme op De Iselmar. Der wie in syljacht mei ien bemanningslid oan board súdwestlik fan Starum yn de problemen rekke. It syljacht hie in stikkene motor en in skuord seil. De rêdingsboat hat it syljacht en de siler feilich ôflevere yn de haven fan Starum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)