FIDEO: Trainer Verbeek tsjin plan foar lytsere earedifyzje

24 mrt 2017 - 19:49

Fuotbaltrainer Gertjan Verbeek is faaljekant tsjin it plan fan fuotbalbûn KNVB om de earedifyzje lytser te meitsjen. Se gean dêrby út fan 16 klups. "Complete onzin en slecht voor het Nederlandse voetbal", sa sei Verbeek freed yn Fryslân Hjoed. Hy pleitet krekt foar in gruttere earedivyzje mei 22 klups. "In de Jupilerleague kunnen clubs niet overleven, te weinig sponsorgeld en geen tv-geld." Neffens him wurdt it dan wer semy-profesjoneel en moatte spilers in baan neist it fuotbaljen oannimme. Dat giet te'n koste fan de kwaliteit fan it spul.

(Advertinsje)
(Advertinsje)