Canoy: Kâns op skeafergoeding yn DNA-saak tige lyts

De kâns is tige lyts dat Justysje in skeafergoeding betelje moat omdat se tsien jier lang neat dien ha mei DNA-spoaren dy't der op wize dat in man út Drachten ferantwurdlik is foar in ferkrêfing en in gewelddiedige oerfal. Dat seit de Ljouwerter advokaat Bart Canoy. Om skeafergoeding te krijen moat der oantoand wurde dat der yn dy tsien jier flinke skea is ûntstien by slachtoffers en famylje, omdat it sa lang duorre hat en dat soe unyk wêze neffens Canoy.
De fertochte (43) út Drachten waard yn 2008 oppakt foar in oare saak, en doe hat er DNA ôfstien. Dat DNA kaam oerien mei spoaren dy't fûn wienen by de ferkrêfing en de berôving. Ien fan de beide slachtoffers is noch yn libben, it oare slachtoffer is yntusken stoarn. Plysje en Justysje wiene op de hichte fan de DNA-match, mar ha dêr jierrenlang net nei hannele.