Nijbou unifoarmberoepen Friese Poort fan start

De nijbou fan de skoalle foar unifoarmberoepen fan Friese Poort yn Ljouwert is no echt los. Freed waard dêr mei bouwers en pommeranten formeel by stil stien troch de yntroduksje fan in spesjale webside. Hjir is it hiele proses op te folgjen wêrby benammen de duorsume aspekten yn it each springe. De skoalle wurdt nammentlik folslein enerzjyneutraal boud. Fan 1 oktober ôf moatte sa'n achthûndert studinten har plak fine op de nije lokaasje by it Kealledykje.
Dêrby giet it om de oplieding foar bewakers, befeiligers, hânhavers en tafersjochhâlders, mar ek om tariedingstrajekten foar definsje en plysje. Al yn in betiid stadium is de omjouwing belutsen by de plannen. Op harren advys komt it parkearterrein no op in oar plak en bliuwt ek de populêre folks- en pluktún bestean.