Frou mei rollator swierferwûne troch oanriding yn Burgum

24 mrt 2017 - 17:51
Foto: De Vries Media

In âldere frou mei in rollator is freedtemiddei swierferwûne rekke neidat se oanriden waard troch in auto. Dat barde op de Skoalstrjitte yn it sintrum fan Burgum. Behalve de ambulânse waard ek it traumateam út Grins oproppen, mar dat koe healweis wer weromgean. De frou is mei de ambulânse nei it sikehús brocht. De plysje ûndersiket hoe't de oanriding barre koe.

Trefwurden: 
ûngelok Burgum rollator
(Advertinsje)
(Advertinsje)