Appelskea krijt klimtoer fan 16 meter heech

24 mrt 2017 - 17:42

De Boerestreek yn Appelskea krijt in opfallend gebou. No moandei giet oan de râne fan de bosk de earste peal de grûn yn foar de 16 meter hege klimtoer fan de Jongens van Outdoor. It klimsintrum moat foar wat leven yn de brouwerij soargje, sa is it doel. It wurdt dêrom in opfallend gebou yn de foarm fan in blokkedoas, fertelt ûndernimmer Jan de Roos.

It giet om in ynvestearring fan in pear ton. It gebou moat al yn july oplevere wurde, sadat de nije klimtoer al yn de simmerfakânsje yn bedriuw is.

Foar takommend jier hat de ûndernimmer ek al wer plannen. Dan wolle se it klimsirkwy by de Boerestreek ferbine mei de Bosbergtoer, fierderop yn de bosk fan Appelskea.

Trefwurden: 
klimtoer Appelskea
(Advertinsje)
(Advertinsje)